Tjonger Skotsploech

Folkloare dūnsploech


De Tjonger Skotsploech fan It Hearrenfean is yn 1974 oprjochte en hat har namme te tankjen oan de kanalisearre rivier de Tjonger yn it suden fan de provinsje Fryslân.
De leden fan‘e groep binne klaaid yn âld-Frysk kostúm sa't dat om 1850-1860 hinne troch de rike boerestân yn Fryslân droegen waard.

De wolstân fan dy boerebefolking komt ta utering yn de spesjale klaaiing dy’t troch de Tjonger Skotsploech fan It Hearrenfean yn eare hâlden wurdt.
Troch de útfier fan bûter - dy’t yn 1850 op in hichtepunt wie - koenen de boeren harren rykdom sjen litte troch te pronkjen mei eksklusive sieraden.

Hiel bysûnder binne de kostbere sieraden fan de froulju , lykas de sulveren bûgeltas , en de sjatelêne , de gouden halskeatlingen en earmbannen en it breed gouden of sulveren earizer (in kap dy't de hiele holle bedekt).

De manlju binne klaaid yn in swarte knibbelbroek mei blauwe hoazzen, in heallange swarte jas en in middenhege hoed.
Alle klean binne benaaid mei
sulveren knopen en fierders foarsjoen fan gaspen, sinjetten mei in horloazje of in horloazje oan in ketling. .

De Tjonger Skotsploech fan It Hearrenfean hat in dûnsprogramma, oanfolle mei in show mei kostúms út de jierren 1780 oant 1950.
Foar in optreden meitsje wy in kar út sa'n 20 kostúms.


<<